Nijs

Wy fan Praat mar Frysk hawwe altyd wol wat te melden en dat kinst hjir lêze, sjen en hearre!

Harrejak hûnekak!

10 april 2024 ()
Wy krije gauris Frysk op 'e dyk-foto's tastjoerd. Foto's mei Fryske teksten yn 'e iepenbiere romte. Hoewol't wy dit jier al oer de tûzen foto's hinne gean, springe der ek altyd in pear foto's út dy't wy faker tastjoerd krije of dy't in hiel soad tomkes opsmite. Ien fan de Frysk op 'e dyk-foto's dy't […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk by de RegioBank!

10 april 2024 ()
In skoftke lyn berjochten wy der al oer: by Van Campen & Dijkstra RegioBank yn Fryslân kinst gewoan Frysk prate. En dêr meie wy fansels wol oer! Wy gienen op 'e kofje om te hearren wat it Frysk harren opsmyt! It Frysk kin ek foar dyn bedriuw wurkje
It gebrûk fan de Fryske taal kin hiel […]
Mear ynfo

By de Regiobank kinst gewoan Frysk prate

04 maart 2024 ()
By de ING wolle se dy net yn it Frysk te wurd stean, mar dêr tinke se by de Regiobank hiel oars oer! ‘Wy ferbrekke ús net: by ús kinst ek gewoan Frysk prate’, dërmei starte de Regiobank yn Fryslân in nije kampanje om sjen te litten dat sy de taal fan harren klant prate. […]
Mear ynfo

Earste beropssertifikaten Frysk útrikt op it mbû

09 februari 2024 ()
Sa’n 25 studinten fan Firda krigen tongersdei 8 febrewaris in sertifikaat útrikt foar it súksesfol ôfrûnjen fan it kardiel ‘Frysk yn de beropskontekst’. Mei dat sertifikaat kinne hja by sollisitaasjes en ferfolchopliedingen oantoane op watfoar nivo sy it Frysk behearskje. It kardiel Frysk yn de beropskontekst wurdt op dit stuit oanbean by Aeres en Firda. Op jierbasis […]
Mear ynfo

Praat mar Frysk by blommesaak It Gieterke!

08 februari 2024 ()
It is hast Falentyn én Fryske Freed, dat wy gienen op besite by miskien wol dé meast Fryske blommesaak fan Fryslân 'it Gieterke' fan Sjimmie yn Burdaard! Wat hat sy mei it Frysk en hoe pakt sy dat oan mei har bedriuw? Tsjek de fideo! Ek mear mei it Frysk dwaan? Wy helpe jim der […]
Mear ynfo

Fan Poppodium nei Poppoadium; in lyts ferskil, in grut ferhaal

31 januari 2024 ()
Ferline jier bestie Poppodium Induna 40 jier en dat ha se dêr fierd mei ûnder oare in nije hússtyl. Ek hat Iduna ûndersyk dwaan litten nei de merkidentiteit.  Ut dat ûndersyk kaam nei foaren dat ien fan de kearnwearden fan Iduna, de Fryske taal is.  De taal is wichtich yn de gemeente Smellingerlân en past […]
Mear ynfo

“By de workshop waard ik my derfan bewust hoe belangryk taal foar my wie.”

24 januari 2024 ()
Sabine (26) har lêste staazje by Yung Frysk wie life-changing. It makke har bewust fan wa’t se is en wat sy útdrage wol.
Mear ynfo

Praat mar Frysk by Poppoadium Iduna

24 januari 2024 ()
Iduna kloppe by ús oan om te hearren wat wy foar harren betsjutte koenen as it giet om it 'ferfryskjen' fan harren nije hússtyl yn harren gebou. Fansels helpe wy dêr graach by! Tegearre mei de minsken fan Iduna hawwe wy neitocht oer de mooglikheden en ferfolgens hawwe sy der wat hiel moais fan makke! Witte hoe't it wurden is? Tsjek de fideo! Ek mear mei it Frysk dwaan? Wy helpe jim der graach by, en fergees! Nim foar in bakje kofje kontakt mei ús op fia: ynfo@praatmarfrysk.nl en wa wit oant sjen!
Mear ynfo

Praat mar Frysk by de bistedokter!

18 december 2023 ()
Dierenartsenpraktijk Reduzum-Grou hat sûnt in pear wike in prachtich nij pân foar harren praktyk. Wy ha mei harren mei- en neitocht oer it mear sichtber brûken fan it Frysk yn harren nije praktyk.
Mear ynfo

Nije workshops Psychology fan dyn Taal rûnom yn Fryslân

29 november 2023 ()
Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. Wês der gau by, want fol is fol!
Mear ynfo

Wy hawwe in nije website!

15 november 2023 ( - )
Wy hawwe in nije website! Praat mar Frysk is yn novimber 16 jier wurden en dêr heart fansels in nije ‘outfit’ by.
Mear ynfo

Hee leuk! Dochris in kursus Frysk.

02 november 2023 ( - )
In kursus Frysk folgje kin by de Afûk yn allerhande foarmen: fan Frysk ferstean oant Frysk skriuwen en fan selsstúdzje oant in kursus op maat.
Mear ynfo

Frysk? Dat kinst ek sjen litte!

13 oktober 2023 ()
As Frysk bedriuw kinst dyn Fryske identiteit fersterkje troch it Frysk sjen te litten yn dyn kommunikaasje. Wy kinne dy dêr by helpe: praktysk, kreatyf en finansjeel.
Mear ynfo

Dokter, mei it yn it Frysk?

09 december 2022 ( - )
Fan hjoed ôf krije pasjinten yn de Fryske sikehuzen op in oantal ôfdielingen de pasjinteynformaasje sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oanbean.
Mear ynfo

Net dreech, wol hiel leuk: workshop Taalpsychology

04 november 2022 ()
Taal. Brûkst it alle dagen mar stiest der net sa faak by stil. Wat betsjut taal eins foar dy? Wannear brûksto hokker taal? Nijsgjirrich?
Mear ynfo

Komsto derút yn in heale minút?

04 november 2022 ()
It Fryske antwurd op it populêre spul ‘30 seconds’ is ‘mei oare wurden’. ‘Mei oare wurden’ is in superleuk spultsje dat soarget foar hilaryske mominten mei freonen en famylje.
Mear ynfo

Handich: de Oersetter-app

23 september 2021 ()
De Oersetter-app is in handich wurdboek Frysk-Nederlânsk / Nederlânsk-Frysk en kin ek langere teksten oersette.
Mear ynfo

Filterje op tag

Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram