Nijs

Lês hjir it lêste nijs oer ús treningen en alles wat dêr mei anneks is.

Nijs

  • Workshop 'Psychology fan dan dyn taal': nijsgjirrich en leuk om te dwaan
    Goed nijs: yn febrewaris én april 2023 organisearje wy wer op ferskillende plakken yn de provinsje workshops 'Psychology fan dyn taal'! Fynsto it nijsgjirrich om mear te witten oer (dyn) taalgedrach en - gewoantes? Doch dan mei oan de workshop Psychology fan dyn taal op ien fan ûndersteande data. Febrewaris 2023 Woansdei 15 febrewaris, Bûtenpost, 19.30-22.00 oere Sneon 18 febrewaris, Ljouwert, 10.00-12.30 oere Tongersdei 23 febrewaris, Boalsert, 19.30-22.00 oere April 2023 Woansdei 12 april, Balk, 19.30-22.00 oere Woansdei 19 april, Drachten, 19.30-22.00 oere Sneon 22 april, Frjentsjer, 10.00-12.30 oere Meidwaan is foar partikulieren fergees. Oanmelde dochst fia de reade oanmeld-button of fia opjaan@afuk.frl (dyn namme, wenplak, telefoannûmer en fansels it kursusplak). Wolsto mei dyn kollega's of team ris yn de psychology fan jim taal dûke? Nim dan kontakt mei ús op foar mear ynformaasje.
  • Nije trening foar treners
    Op freed 24 septimber sette wy wer útein mei in trening foar treners foar de workshop Psychology fan dyn Taal. De trening bestiet út 2 dielen en sil jûn wurde yn Loft yn Boksum. De 2e treningsdei is op freed 1 oktober. Beide dagen duorje fan ca. 9.00 - 14.00 oere, lunsj ynbegrepen. De trening is fergees. Hast ûnderfining mei groepen, niget oan taal, bist net benaud foar wat nijs en bist fleksibel yn te setten? Dan is dizze trening miskien wat foar dy! Hast belangstelling? Nim dan kontakt mei ús op.
  • Ynterview mei Gerda Cuperus yn de Bildtse Post oer ús trening
    Yn de Bildtse Post fan 13 jannewaris 2021 stiet in grut ynterview mei Gerda Cuperus oer de trening Psychology fan Taal. Gerda fertelt dêryn oer har eigen ûnderfiningen en oer de trening. Belangstellenden kinne har fanôf no ek opjaan. Sjoch de link foar de PDF fan it artikel. BP13012021-Psychologyfandyntaal
mear nijs »

Aginda

mear aginda »