Out of office?


Bisto der de kommende simmerfakânsje efkes net? Hast noch ferlet fan in orizjineel ‘Out of office’-berjocht? De dichters Tsead Bruinja en Ate Grypstra hawwe spesjaal foar dy in Frysktalich ’Ik bin der efkes net’-berjocht yn ’e foarm fan in gedicht skreaun!
Kopiearje ien fan de ûndersteande gedichten en brûk it as Fryske ’Out-of-Office’-reply! De meast orizjinele wize om sjen te litten dats even in pear dagen net op dyn plak sitst! In protte wille dermei!
Ate Grypstra
hoe’t jo ek longerje
om jo firtuele tentakels
om my hinne te winen
en my mei te sûgjen
yn de razende djipten
fan de Needsaak-See
ik
bin bûten
jo berik
haw stille strannen fûn
en fermij fol oerjefte
de kolkjende massa
oant [datum]
—
Ate Grypstra
ferskriklik fansels
werklik alle war dien
kostbere sekonden slachtoffere
registers iepen lutsen
de goeie toan oanslein
flaters foarkaam
en dan sa ôfstegere wurde!
te wurd stien troch
automatysk generearre retûr-replyk
betsjinne troch
leech-by-de-grûnske surrogaatkommunikaasje
fraai oanklaaid, dat wol
mar goed besjoen
om te janken
(besykje it wer ris op [datum])
—
Joke van Leeuwen
Myn stoel is leech, de doar is ticht
En ik bin efkes út it sicht
Mar bin‘ der saken dy’t driuwend binne,
Dan soest … in berjocht stjoere kinne.
—
Tsead Bruinja
op `e flutter
wy rôpen folk
troch de brievebus
lieten in streepke ljocht
falle op `e matte
harken mei sân pear earen
en seinen stil
bonken
en as der dan noch gjin beweging kaam
rûnen we nei de achterdoar
dy’t allinich op slot wie
as it folk net thús wie
sille wol op `e flutter wêze
seinen we dan
wat eins betsjutte
wêr dogge se it fan
fiele har seker te goed
foar it doarp
—