Pipernútskjirre


Bisto der wolris op út stjoerd om in ‘beiljedderke’? Of in ‘fjouwerkante gatsjeboar’? Is dat even ferfelend? Koest net fine! Wolst ek ris ien te fiter hawwe? Stjoer dyn kollega of de stazjêr der ris op út om in: beiljedderke, boarfet, fjouwerkante gatsjeboar, golskjirre, groppedweil, heaskjirre, krintegewear, nullesmoar, panslaai, plintljedder, prûkefet, rjochte winkelheak, simmelsouwe, spikerfet, stienskaaf, tekskjirre, tichte gatsjepanne, tipmûtsesied, troffeloalje of in woarststopperstomme! Protte wille!