Praat mar Aastersk 


Yn 2016 hawwe wy op Skylge west om kennis te meitsjen mei it Aastersk, in Fryske kritetaal dy’t op it eastlik part fan Skylge sprutsen wurdt. Wy hawwe ommers ôfpraat yn 2016 dat wy tegearre it Aastersk leare soene foar ús mienskiplik taalprojekt.

Yn oktober 2016 hat Ken Ho der in begjin oan makke om it Aastersk te learen en it slagge him om de taal selstannich, sûnder de begelieding fan Dyami Millarson, yn likernôch seis moannen te learen. Sjoch hjir en hjir. Ken Ho is sûnt 2017 wrâldwiid de iennige aktive Aastersktalige skriuwer/blogger op it internet. Sjoch hjir ús bloch.

Dyami Millarson woe besykje it Aastersk yn ien moanne te learen. De útdaging duorre fan 16 april oant syn jierdei op 19 maaie (33 dagen yn totaal). Dyami Millarson beskikte foar syn útdaging oer mar trije boekjes om it Aastersk te learen. Dyami Millarson fertelde faak dat Aastersk learen krekt as it Ingelsk learen is. It aardige oan dizze útdaging wie it idee dat as it him slagge om yn dy tiid it Aastersk te learen, er it Aastersk feitlik as jierdeiskado krije soe.

Nei in moanne kin Dyami Millarson al Ken Ho syn Aasterske blochartikels korrizjearje en dat fynt Ken Ho wol tige grappich. Ommers is it no ek nofliker dat Ken Ho immen hat mei wa’t er yn it Aastersk prate kin. Wy chatte no yn it Aastersk. Yn Hongkong prate wy faak Frysk, mar no prate wy Aastersk mei-inoar. It Aastersk learen hat in grutte trochbraak foar ús projekt west, mar natuerlik hâlde wy nea op mei ús wittenskiplike stúdzje fan it Aastersk want wy bliuwe altyd nije dingen ûntdekke.

Us projekt giet yn elts gefal hieltiten troch. Dyami Millarson sil besykje it Skiermûntseagersk te learen yn 52 dagen. Syn nije útdaging is begûn fanôf syn jierdei op 19 maaie en sil werom einigje op 10 july. Ken Ho sil fan 19 maaie ôf fanút syn bertestêd Hongkong, dêr’t er no is, it Hylpersk yn 3 moannen te learen besykje.

 

Ken Ho en Dyami Millarson