Praat mar Frysk sit al in skoftke op LinkedIn en no is it tiid om ús saaklike netwurk ek dêr in bytsje út te wreidzjen. Wy wolle mei troch de Praat mar Frysk-groep op LinkedIn bedriuwen, organisaasjes, ûndernimmers, zzp’ers, wurkjouwers en wurknimmers  bewust meitsje fan de mearwearde dy’t it brûken fan de Fryske taal foar harren hawwe kin.

Der kin foarljochtingsmateriaal oanfrege wurde fia ús website en kinst yn dizze groep fragen stelle en diskusjearje oer it brûken fan it Frysk yn it bedriuwslibben. En miskien fine jim it aardich om dêr wat oer te fertellen foar de kamera fan Praat mar Frysk foar in fergese bedriuwsfideo.
Al in soad bedriuwen sizze ûnderwilens al Praat mar Frysk; wat dat opsmyt is werom te sjen op ús spesjale Praat mar Frysk-bedriuwe-website. Wa’t it aardich fynt om sels ek wat te fertellen oer de rol fan it Frysk yn syn/har bedriuw foar de kamera fan Praat mar Frysk: dat kin! Nim kontakt mei ús op (praatmarfrysk@gmail.com) en wa wit hasto aanst ek in fergese Praat mar Frysk-bedriuwsfideo!
En foar wa’t mear oer ús witte wol, meitsje in ôfspraak, dan drinke wy miskien ynkoarten in bakje kofje op it Praat mar Frysk haadkertier! Wa wit oant gau!