Praat mar Frysk-TV

Programma's fan 1 minút, dat is hielendal Praat mar Frysk.
Alle jierren wer in nije rige op Omrop Fryslân-tillefyzje mei Ferrassingspoëzij, Frjemde Wurden of Fryske Portretten. Sjoch hjirûnder wat wy allegear al dien hawwe!

2015: Frjemde Fryske Wurden

Yn 2015 gie ús Herman op ‘en paad mei Frjemde Fryske Wurden: fan gludze oant panpyk en fan sjammeloek oant rombommich. Alle filmkes sjen? Dat kin hjir!

2014: Ferrassingspoëzij mei Tet

Yn 2014 ferraste Tet Rozendal minsken yn Fryslân mei Fryske poëzij. Prachtige gedichten op ûnferwachte plakken! Alle filmkes sjen? Besjoch se hjir!

2013: Ferrassingspoëzij mei Arnold.

Yn 2013 gie akteur Arnold Dijkstra foar ús de dyk út en ferraste elk dy’t it hearre woe mei in prachtich Frysk gedicht. Alles sjen? Dat kin hjir!

2012: Taalfragen mei Henk en Brecht

Yn 2012 gie ús Professor Henk mei syn assistinte Brecht op ‘en paad mei Fryske taalfragen. Hoe brochten de minsken it der fanôf? Besjoch hjir alle filmkes.

2011: 60 x 60

Yn 2011 hawwe wy 60 portretten fan 1 minút makke fan minsken dy’t wat spesjaals mei it Frysk hawwe. Fan Rens Kroes oant Foppe Bron.60×60! De hiele rige fynst hjir!