Praat mar Frysk yn bedriuw!


Grutte ynfrastruktuerele projekten, lykas it wurk fan konsortsium Levvel (fersterking fan de Ofslútdyk), freegje it uterste fan alle belutsen partijen. Kommunikaasje is dêrby hiel wichtich. It is dêrom weardefol dat minsken harren eigen taal sa folle mooglik brûke kinne, om har better út te ferwurdzjen. Sa brûke Feike Brouwer (Wagenborg Nedlift) en Gerben Dijkstra (Levvel, konsortsium fan BAM, Van Oord en Rebel) #Frysk by harren petearen mei elkoar en mei kollega’s. Dit soarget foar ferbining, better wurk en goede oplossingen. Sels sizze se it sa…