Op woansdei 26 septimber hawwe wy lesjûn yn it Skiermûntseagersk op ‘e Jeropeeske Taledei.  Wy fertelden de Fryske studinten oer ús seldsume aventoer om de Skiermûntseagerske taal, dy’t noch mar 20 âldere sprekkers hie, te rêden en it hert fan ‘e Skiermûntseagerske âlderein te winnen.
By ús goeddiedigenswurk hat de folgjende fraach altyd al in sintraal plak hân: Hoe kin it rêden fan Skiermûntseagersk bydrage oan it behâld fan ‘e Waadsee dat wrâlderfskip is?
Wy sjogge de nauwe sibskip tusken it Skiermûntseagersk en de natoer.  Op 10 july makke Dyami Millarson in mearke, dat krekt dizze sibskip úttsjut, wrâldkundich op ús bloch. Sjoch hjir. Dyami Millarson is de iennige blogger yn ‘e gânse wrâld dy’t sûnt juny 2018 regelmjittich artikels yn it Skiermûntseagersk of “Eilauners” skreaun hat, en om’t der noch nea eerder in Skiermûntseagerske blogger west hat, is er yn ‘e hiele taalskiednis fan it Skiermûntseagersk ek de earste Skiermûntseagersktalige blogger.
De taal giet no wer mei de tiid mei en is dêrtroch wer sa libbend as de ûntelbere fisken yn ‘e Waadsee. Ynkoarten wol Ken Ho ek mei it bloggen yn it Skiermûntseagersk begjinne.
Op 4 juny hat Dyami Millarson yn it Ingelsk in artikel publisearre dêr’t er syn nije Skiermûntseagerske taalútdaging oankundige hie. Sjoch hjir. Yn dat artikel joech er oan dat hy leaude yn it fluch efterinoar learen fan talen. Sa wied er mei-ien begûn mei in nije taal nei’t er it Aastersk leard hie oant syn jierdei. Fanôf syn jierdei op 19 maaie oant 13 july hat er it Skiermûntseagersk studearre en yn dy koarte tiid hat er de taal hielendal eigen makke. Dyami Millarson hie noch nea op it Waadeilân Skiermûntseach west doe’t er al de taal ûnder de knibbel hie.
Dêrom nûge hy Ken Ho út om hielendal fan Hongkong nei Ljouwert ôf te reizgjen. Ken Ho fleach dus mei de fleanmasine nei Nederlân en waard troch Dyami Millarson syn heit ophelle.  Op 22 augustus gong hy mei Dyami Millarson foar de earste kear nei it eilân.  De âlderein wie der echt ûnder de yndruk fan. It makke folle emoasjes yn har los.  Dat hie gjin fan harren ferwachte; de Skiermûntseagerske taal docht har mear as hja fermoedzje kinnen hiene. Taal is ferbûn mei it hert fan ‘e âlderein, en it is o sa moai dat de âlderein fan Skiermûntseach it noch meimeitsje mocht hat dat de taal fan har foarâlders wer entûsjast troch jongerein sprutsen wurdt!
Ken Ho ferbliuwt by Dyami Millarson yn Ljouwert oant 16 novimber om lytse streektalen yn Fryslân en omkriten te bestudearjen.
Dyami Millarson giet noch dit jier probearje om in kursus oer it Skiermûntseagersk te meitsjen foar ‘e Grinslanners, om’t de âlde taal fan Grinslân wol wat te dwaan hat mei it Skiermûntseagersk.

Skreaun troch Ken Ho en Dyami Millarson