Hoi ynwenners fan it moaie doarpke Rie! Hoe is it no? Binne jim al út ‘e rie? Koenen jim al dy leafde wat ha? Dêr skrokken jim even hè? Want welke gek kriget it no yn ‘e kop om anonym in heel doarp hânskreaune leafdesgedichten te sjoeren? Haha! Dat wienen wy! En wy hoopje dat jim it moai fûn hawwe!
Wy fan Praat mar Frysk tochten dat it wol ris leuk wêze soe om in kompleet doarp te ferrassen mei in moai Frysk leafdesgedicht. Dat wy skreaunen, mei de hân en foar elk adres, om presys te wêzen 215 Fryske leafdesgedichten. Foar elk hûs yn Rie ien leafdesgedicht. Gewoan, omdat it leuk is, mar ek in bytsje om’t it hjoed de start fan de nasjonale poëzywike is. Dikke tút fan ús leave skatten en in moaie nasjonale gedichtewike tawinske!
0 Reaksjes
64 Views