“Ik kom ek graach by dy op skoalle!”

Dat seit Rinze de Praat Mar Frysk kikkert

 

Rinze fynt it nammentlik hiel moai om útfanhûs te gean en nije freontsjes en freondintsjes te meitsjen. En wêr fynst no mear freontsjes en freondintsjes as op skoalle?

Rinze ek op jimme skoalle?
Wolle jim Rinze ek graach útfanhûs hawwe? Stjoer dan in mailtsje nei: praatmarfrysk@gmail.com mei as ûnderwerp: Rinze de Kikkert. Set yn it mailtsje de namme fan de skoalle, de perioade dat jim Rinze hawwe wolle (maksimaal in wike) en in kontaktpersoan mei telefoannûmer en dan nimme wy sa gau as mooglik kontakt op.

Jim krije dan, neist Rinze de Kikkert, in útfanhuzerskoffer mei de lesbrief Rinze de Kikkert komt útfanhûs, nifelmateriaal, in foarlêsboek, in deiboek dêr't jim jim ferhaaltsjes en wurkjes dy't jim oan Rinze meijaan wolle yn dwaan kinne, in ynformaasjepakket oer Frysk en meartaligens en fansels it útfanhuzersguod fan Rinze. De lesbrief, it foarlêsboek en it ynformaasjepakket mei de skoalle hâlde. De rest moat wer mei werom yn de koffer. De kosten binne 15 euro.

Doelgroep:

Rinze de Kikkert komt útfanhûs is bedoeld foar groep 1 en 2 fan de basisskoallen en is ek geskikt foar it spesjaal ûnderwiis.


Rinze de Kikkert út fan hûs op de Lytse Wiman yn Twizel

Rinze hat ôfrûne wike yn Twizel út fan hûs west. Hy hat it tige nei syn sin hân en de bern ek. Hy hie in eigen plakje by de oare bern yn de kring en hat hearlik sliept yn it poppebedsje.... lês fierder en besjoch de foto’s

Dieredei op de Wynroas yn Wâlterswâld

Yn oktober wie der foar Rinze wol in hiele spesjale dei, it wie wer dieredei. Dizze dei wie syn earste dei op de Wynroas yn Wâlterswâld.... lês fierder en besjoch de foto’s

Rinze de Kikkert wie op de Albertine Agnesskoalle

Rinze de kikkert hat útfanhûs west by groep 1 en 2 fan de Albertina Agnesskoalle yn Oranjewâld. En wat hat er in soad dien! Gymnastykje, ferskes sjonge, bûten boartsje, knippe en plakke en noch folle mear!... lês fierder en besjoch de foto’s

Bestel Rinze de Kikkert

Wolle jim Rinze de Kikkert ek in pear dagen as útfanhuzer hawwe op jim skoalle? Dat kin! Stjoer ús dan in mailtsje en wy nimme kontakt mei jim op! ... lês fierder en besjoch de foto’s

Download hjir it Rinze-materiaal

Fansels sit al it materiaal fan Rinze de Kikkert yn de koffer, mar kinst it foar in part ek downloade fan dizze site.... lês fierder en besjoch de foto’s

Epke en Herre Zonderland hawwe Rinze al útfanhûs hân

Rinze hat op turnles west by Epke en Herre Zonderland. Dat is him sa goed befallen dat er dat op 4 maart wer dwaan sil. Mar dan mei in hiel soad oare jonges en famkes!... lês fierder en besjoch de foto’s
 
Kleurje en foarlêze foar de alderlytsen
mei Rinze de Kikkert!
Op www.spultsjes.nl kinne bern fan nul o/m tolve jier online spultsjes dwaan. Der binne ferskate spultsjes te finen. Foar de alderlytsen mar ek foar de elkenien dy't even yn 'e baas syn tiid in topskoare ferbetterje wol.
29 sept 2011 | Reageer! | (0) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Skûtsjes bouwe en fierljeppe!
mei de beukers fan de Sint Maartenskoalle
Wy fan Praat mar Frysk fine it altyd leuk om te sjen wat der mei it Praat mar Frysk-materiaal gebeurt. Fan juf Annalies krigen wy in mailtsje fol leuke foto's oer de Fryslân Dei foar de beukers fan de Sint Maartenskoalle. En it is wol dúdlik, se binne heel drok oan it wurk west. Skûtsjes bouwe, pompeblêden plakke en ek noch fierljeppe.
12 apr 2011 | Reageer! | (7) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Ut fan hûs yn Twizelerheide
Rinze is gek op úfanhúzjen
Rinze de Kikkert reizget it leafst alle basisskoallen fan Fryslân ôf om safolle mooglk freontsjes en freondintsjes te meitsjen. Ofrûne kear wied er út fan hûs op de De Reinbôge yn Twizelerheide.
22 feb 2011 | Reageer! | (0) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Rinze hat it drok!
Alle wiken útfanhûs
Rinze hat it hiel drok. Hy hat al yn Surhuzum west en yn Wâlterswâld. No is er yn Bûtenpost en nije wike giet er nei Twizel. Yn 'e hjerstfakânsje kin er efkes bykomme en efkes by syn eigen heit en mem yn de sleat swimme.
11 okt 2010 | Reageer! | (1) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Rinze de Kikkert
út fan hûs op de Lytse Wiman yn Twizel
Rinze hat ôfrûne wike yn Twizel út fan hûs west. Hy hat it tige nei syn sin hân en de bern ek. Hy hie in eigen plakje by de oare bern yn de kring en hat hearlik sliept yn it poppebedsje. De bern hawwe allegearre keunstwurken makke en sels in echte kikkertlampion foar Sint Maarten. Nei dizze moaie wike moatst Rinze wer nei hûs en krige hy fan alle bern noch in ... tút!
26 sept 2010 | Reageer! | (1) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Rinze lit mobyltsje yn wetter falle
Mei freon Ate sykje mei de boat
Rinze de Kikkert hie sneon syn mobyltsje yn it wetter falle litten yn de Prinsetún. Gelokkich hie syn goeie freon Ate in boatsje. Sadat se tegearre sykje koene.
23 sept 2010 | Reageer! | (4) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
  ««  « Vorige  1  2  3  4  Volgende »  »»  

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
PmF Twitter |  PmF Hyves |  PmF Facebook |  PmF op YouTube