Praat mar Frysk, win in iPod

Wy fan PraatmarFrysk advisearje Praat mar Frysk.

 
Hoe doch ik mei?
As it goed is hasto in PraatmarFrysk-pakketsje krigen foar op dyn staazje-adres. Dêryn sit fansels ek in tútsje fan Doutzen. Blaas it tútsje op, sykje in goed plak út, bygelyks op de doar of op it rút fan dyn staazje-adres, en plak de lippen op mei de sûchnap. Kinst fansels ek noch in PraatmarFrysk-stikker op de baly of de kassa plakke. En in PraatmarFrysk-button opspjeldzje. En fierder komt it dan op dy oan.

Hoe win ik?
Folje it formulier op dizze side hielendal yn en klik op 'Ferstjoere'. No dochst offisjeel mei oan de aksje en makkest kâns op in besite fan ús. Asto de gelokkige bist, dan sjogge wy oft de lippen yn de saak hingje en oftsto wol Frysk praatst tsjin ús. Is dat allegear poerbêst yn oarder? Dan winsto de iPod!

De aksje jildt allinnich foar mbû-studinten

Folje it formulier yn

Foarnamme
Efternamme
Skoalle
Oplieding
Staazje-bedriuw
Staazje-adres
Staazje-perioade
Wurkdagen/-tiden
 


Wy fan PraatmarFrysk advisearje Praat mar Frysk.
 
Wy fan Praat mar
Frysk meitsje in
soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...


Johan Kingma op besite by Sonnema
it Serious Request-pakket!
Johan Kingma wie ien fan 'e heechste bieders tidens de Serious Request-aksje fan Praat mar Frysk. Johan is gek op berenburch dat hy die it heechste bod op it super de lúkse pakket fan Sonnema.
02 feb 2012 | Reageer! | (2) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Frijerij
It Wurd fan de Moanne
It koe fansels net oars mei Falentynsdei foar de doar. It wurd fan de moanne is... Frijerij. Besjoch it filmke!
27 jan 2012 | Reageer! | (0) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Hé! DVD fan Piter Wilkens winne?
lit ús witte wêrom!
Wy hawwe hjir twa prachtige eksimplaren fan de live-DVD de Fleanende Hollanner fan ús ambassadeur Piter Wilkens op it buro lizzen.Wolsto ek ien? Doch mei oan de aksje!
25 jan 2012 | Reageer! | (4) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Praat mar Frysk los yn Súdwest Fryslân
opblaaslippe-útdielaksje!
Om't wy yn febrewaris los gean mei de Praat mar Frysk-kampanje yn de nije gemeente Súdwest Fryslân, sille wy op tongersdei 23 febrewaris de binnenstêd fan Snits ûnfeilich meitsje mei in grutte opblaaslippe-útdielaksje!
25 jan 2012 | Reageer! | (0) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
  ««  « Vorige  1  2  3  4  5  Volgende »  »»  
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!

Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!

Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.


Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
Nim kontakt op mei it Praat Mar Frysk team