SwiftKey is al jierren in bysûnder populêre toetseboerdferfanger op Android en wurdt hieltyd fierder ûntwikkele. Net allinnich de funksjes, mar ek it tal talen wurdt hieltyd fierder útwreide. It Frysk is dêr sûnt koart no ek bykaam.

Earder moast dyn eigen wurdboek oanlizze yn Swiftkey mar no wurdt it wurdboek ynladen fanút in bestân. Kinst Swiftkey ek brûke yn bygelyks Whatsapp en jout al in foarsizzing fan de wurden en leart ek fan dyn taalgebrûk. Neist it Frysk is ek Lúksemburchs, Nynorsk, Faeroer en Asturysk taheakke.

Swiftkey is fergees te downloaden yn de Google Play Store.