De Psychology fan dyn Taal

Wy hawwe in trening ûntwikkele oer ‘taalgedrach en -gewoantes’ dy’t in kombinaasje is fan teory en praktyk. In ‘oars as oars’ trening, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêrst net by stil stietst.

Taalgedrach en -gewoantes

De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switche as gewoante. Sa krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en dyn eigen gewoantes. Gewoantes kinst feroarje, ast dat wolst. Dêr geane we mei oan de slach. Dêrby is der romte foar dyn spesifike sitewaasje en dyn ferhaal.

MEIDWAAN
Hast belangstelling foar dizze workshop? Jou dy dan no op!


Listen

Wy binne de Fryske partner yn it Europeesk Erasumus+ taalprojekt LISTEN.

LISTEN giet oer it fenomeen datst as minderheidstaalsprekker faak en meastal ûnbewust oerskeakelest nei de mearderheidstaal. Of datst bewust of ûnbewust al yn de mearderheidstaal begjinst. Dat is in universeel fenomeen.

Binnen LISTEN ûntwikkelje wy trenings om dit ûnder de oandacht te bringen. Want wêrom soest switche as de oar dy begrypt of sels deselde taal praat as dy? Oare partners yn LISTEN binne de Universiteit fan Valencia (Katalaansk), IAITH (Welsk), Conradh na Gaeilge (Iersk) en de Universiteit Sapientia (Hongaarsk yn Roemenië), ELEN (European Language Equality Network), CNDR (Pisa, Italië).

 

Wy sykje minsken dy’t dizze trening yn de provinsje jaan wolle.

Hast ûnderfining mei groepen, niget oan taal, bist net benaud foar wat nijs en bist fleksibel yn te setten? Nim dan kontakt mei ús op. Wy litte sgm wat fan ús hearre en fertelle dy wat de folgjende stappen binne.

Nim kontakt mei ús op

Trener of dielnimmer

Ynlogge of registrearje

Nijs

mear nijs »

Aginda

mear aginda »