Grut feest ôfrûne sneon yn kafee De Posthoorn yn Dokkum! Tolve teams dienen mei oan alwer de fjirde Fryske Kroechkwis! Uteinlik skoarde Team Tresoar de earste priis mei 25 flaters, krekt wat minder flaters as Team De Stedsjers en Team Keuning – De Jager. Lokwinske nochris!

It wie in geweldige jûn yn Dokkum! Wy tankje alle teams, kafee De Posthoorn, de sponsors Sonnema, Weidenaar en Drukkerij Van der Eems en fansels ek alle tank oan de treflike Kroechkwislieder Douwe Gerlof Heeringa! Oant takomt jier! Wa wit komme wy dan by jim yn ‘e buert!