De Fryske Akademy docht in grut Tiidwurde-ûndersyk. Sy wolle graach witte wêrom’t de iene bygelyks ‘Ik bin hjir te wenjen kôm…’ brûkt en de oare ‘Ik bin hjir te wenjen kommen…’ Dat is nijsgjirrich en dat fynt de Fryske Akademy dus ek. Meidwaan? Klik hjir!

It Trimbos Instituut lit apps meitsje op it mêd fan selshelp. Sy fregen harren ôf oft it foar Friezen ek belangryk is wannear’t sokke apps of online selshelp-programma’s yn it Frysk beskikber komme. Dêrom hawwe sy in lyts fragelistje mei 20 fragen opsteld dy’tst hjir ynfolle kinst. Sukses!

En wy slute ôf mei in oprop fan de RUG dy’t Friezen siket mei it Frysk as memmetaal. Dat binne der genôch fansels en asto it sitten sjochst om harren te helpen mei it projekt Multilingual Melodies – in database mei de Fryske útspraak – dan kinst nei dizze webside ta!