Tongersdei 17 april is it wer feest op Twitter! Fryske Twitterdei! Op dizze dei probearje wy safolle mooglik frysktalige tweets de wrâld yn te stjoeren en wa wit wurdt #Frysk wer ien fan de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter!
Foar wa’t it noch net hielendal oandoart yn it Frysk hawwe wy in pear handige tips! Besjoch bygelyks de koarte Skriuw mar Frysk-filmkes dy’t wy mei professor Henk makke hawwe. Henk leit yn in pear minuten út wat de belangrykste staveringsregels foar it Frysk binne. Tip!
En dêrneist kinst fansels ek noch de handige Wat wurd it-app foar smartphones brûke! Sa hast altyd en oeral in wurdboek by de hân. Bist echt lui, dan kinst ús ek altyd even fia Twitter freegje hoe’t it sit! Wy winskje dy alfêst in protte wille ta op de leukste Twitter-dei fan it jier!