No tongersdei 21 april is it wer feest op Twitter! Fan moarns ier oant jûns let meitsje wy der wer in feestje fan op social media! Dochsto ek mei? Tsjek de spesjale Twitterdei-side!

Bysûnder dit jier is it ynternasjonale tintsje. Wy hawwe organisaasjes út Baskelân, Galisië, Ierlân, Wales, Skotlân en Cornwall ek oproppen om mei te dwaan om sa harren lytsere talen yn de spotlights te setten op Twitter. Neist de eigen taalhastag wurdt dêrneist yn alle dielnimmende regio’s de hastag #TIML2016 brûkt. TIML stiet foar: This Is My Language’; dit is myn taal. Sa wolle wy mei syn allen it brûken fan lytsere talen op sosjale media oanmoedigje.

Meidwaan is hiel simpel: skriuw in Fryske tweet en brûk de hekstek #Frysk en de hekstek #TIML2016! Net mear, net minder. Ast it Frysk net hielendal yn ‘e fingers hast, kinst hjir de Praat mar Frysk-app downloade foar iPhones en hjir foar Androïd-tastellen. En folgje ús fansels op Twitter fia @PraatmarFrysk, wy helpe dy graach! En kinst fansels ek Taalweb.frl brûke of Google Translate ast wis wêze wolst dat dyn Fryske tweet in bytsje knap op Twitter stiet!

De Fryske Twitterdei is bedoeld as feestje foar elkenien dy’t it leuk fynt om ek ris yn it Frysk in berjochtsje te skriuwen op social media. En fansels, op oare dagen kin it ek! Fier it Frysk!