De tredde Fryske Twitterdei wie in grut sukses. Om 09.30 oere moarns stienen de hashtags #Frysk en #FryskeTwitterdei al tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter!
Tûzenen twitterders ferstjoerden 6.438 unike tweets en noch folle mear retweets de hashtag #Frysk út mear as 25 lannen, fan Japan oant Amearika. Dêrneist is de hashtag #Frysk by mear as seis miljoen minsken ûnder eagen kommen. En dat is mear as ferline jier! Geandewei de dei stie #FryskeTwitterdei it grutste part fan ‘e dei op nûmer ien as ‘trending topic’!
– Hast 7 oeren op nûmer ien as ‘trending topic’
– 6.438 unike tweets mei #Frysk
– 6.029.094 kear kaam #Frysk foarby yn ferskate timelines
– Op it hichtepunt waarden der hast 4 tweets mei #Frysk per minút ferstjoerd
– in soad omtinken fan de parse, û.o: Omrop Fryslân Radio en TV, Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad, Radio 1 en Radio 2.
Neist bekende Friezen en BN-ers lykas Jorrit Bergsma en Arjen Lubach, dienen der diskear ek wer in protte bedriuwen en ynstellings mei oan de Fryske Twitterdei, lykas it Rijksmuseum, UPC Nederland, it MCL, Tresoar, Arriva Nederland, SC Heerenveen, restaurants, sportferieningen, útstjoerburo’s, biblioteken, skoallen en ferskate Fryske oerheden.
Fanôf dit plak tankje wy elkenien dy’t meidien hat om it #Frysk ek op ynternet sichtber te meitsjen! Heel graach oant takomt jier en noch leaver oant moarn!