Sjoch! In moai foarbyld fan it brûken fan it Frysk! Alle kredits foar Hotel Postplaza en Bierconcepten! Moarn hawwe wy wer in Twitter-sprekoere. Hasto in tip of in idee oer hoe’tst it Frysk brûke kinst of wolst witte wat de mearwearder dêr fan wêze kin?

Tidens it Twitter-sprekoere kin der fan alles frege, mar ek dield wurde. Kinst terjochte mei taalfragen, dyn Fryske reklame sjen litte, reklame meitsje foar in aktiviteit, ús netwurk ynsette foar it betinken fan ‘slogans’, produkten en bedriuwsnammen en kontakt sykje mei oare bedriuwen. It kin allegear, mar it moat fansels wol oer en/of yn it Frysk!

Fia it PraatmarFrysk-netwurk hast gelyk in grut berik en sitst middenyn de doelgroep. Wy hawwe mear as 11.00o folgers en hawwe normaalwei in berik fan mear as 120.000 yn ‘e moanne. Mei spesjale aksjes, lykas de Fryske Twitterdei leit dat berik noch folle heger; dit jier wie dat 9 miljoen. Dat sille wy mei it Twittersprekoer net gelyk helje, mar doel is dat wy dêr mei de #TaalynBedriuw nei in heal jier ek in berik helje fan in pear miljoen.

Frysk
Mear as de helte fan de Friezen praat fan hûs út Frysk. Yn ’e plattelânsgemeenten leit dat persintaazje sels noch in stik heger: sa’n 70%. Boppedat kin sawat 80 % fan de ynwenners fan Fryslân Frysk lêze en kin 98 % fan de ynwenners Frysk ferstean. Sawat elkenien dus. Lit jo klant dêrom witte dat njonken it Nederlânsk it Frysk ek wolkom is.

Klanten
Klanten stelle it op priis dat sy te wurd stien wurde yn harren memmetaal. It skept in bân en bringt jo tsjinst of produkt tichter by jo klant. Ek minsken fan bûten stelle it tige op priis dat se wat fan de Fryske taal en it Frysk eigene meikrije as dat op in leechdrompelige, gastfrije en orizjinele wize dien wurdt.

Europa
Yn tal fan lannen wurde meardere talen neist elkoar brûkt. Yn totaal prate der yn Europa mear as 50 miljoen minsken in minderheidstaal. Hieltyd mear bedriuwen en organiaasjes brûke yn harren tsjinstferliening dat ferskaat oan talen om’t it emosjonele en dêrtroch kommersjele mearwearde hat. It jout oan wa’t jo binne en wêr’t jo foar steane.