Takom jier begjinne wy mei in twittersprekoere foar bedriuwen en organisaasjes. Yn dat oere kin der fan alles frege, mar ek dield wurde. Kinst terjochte mei taalfragen, dyn Fryske reklame sjen litte, reklame meitsje foar in aktiviteit, ús netwurk ynsette foar it betinken fan ‘slogans’, produkten en bedriuwsnammen en kontakt sykje mei oare bedriuwen. It kin allegear, mar it moat fansels wol oer en/of yn it Frysk!

Fia it PraatmarFrysk-netwurk hast gelyk in grut berik en sitst middenyn de doelgroep. Wy hawwe mear as 11.00o folgers en hawwe normaalwei in berik fan mear as 120.000 yn ‘e moanne. Mei spesjale aksjes, lykas de Fryske Twitterdei leit dat berik noch folle heger; dit jier wie dat 9 miljoen. Dat sille wy mei it Twittersprekoer net gelyk helje, mar doel is dat wy dêr mei de #TaalynBedriuw nei in heal jier ek in berik helje fan in pear miljoen.

Hoe’t wy dêrby komme? Yn Wales is der in ferlykber inisjatyf fan Awr Cymru (@YrAwrGymraeg, #yagym). Dat netwurk bestiet út 7.000 folgers en sy hawwe geregeld in berik fan mear as 4 miljoen. Har twitteroere wurdt hâlden op woansdeitejûn tusken 21.00 en 22.00 (Fryske tiid).

Foar’t wy begjinne wolle wy earst fansels graach witte oftsto ek meidwaan wolst en ferlet hast fan sa’n oere. Dat kinst witte litte troch ús in mailtsje of in tweet te stjoeren (praatmarfrysk@gmail.com of @praatmarfrysk). Oare fragen: wat soe neffens dy in geskikte dei en tiid wêze? En is de #TaalynBedriuw geskikt of hast in better alternatyf? Moatte wy neist Twitter ek noch oare Social Media-kanalen foar dit sprekoere brûke, lykas Facebook of Instagram? Wy hearre it graach!