De leukste filmkes
Wat foar filmkes fine jim it leukst? We telle hoe faak de praatpeal- filmkes (en oare filmkes dy’t we meitsje) troch jim besjoen wurde, en stelle dizze top 10 gear:

Doutzen Kroes - PraatMarFrysk.nl
Doutzen Kroes over de praat mar frysk campagne. Doutzen oer de Praat Mar Frysk kampanje. Doutzen Kroes talks about the Praat Mar Frysk campaign. praatmarfrysk.nl  filmke ôfspylje >
Ali-B, dizze mocro praat ek al Frysk!
As it netkin sa as it moat, dan moat it mar sa as it kin... It reedriden slagge dit jier net, dus hjoed ien fan de fjouwer dagen fan de '11stedenfiets4daagse'. De peal is der by en ite in hapke mei... Oh en Ali B kaam foarby en sels dizze mocro praat al Frysk! Dig this!  filmke ôfspylje >
Fries Leren? Doch in kursus by de Afûk!
Wolst net allinne Frysk prate mar ek Frysk skriuwe? By de Afûk kinst in kursus Frysk folgje sasto dat wolst: thús online of yn in groep by dy yn e buert. Sjoch op www.afuk.nl foar it kursusoanbod of freegje de kursusbrosjuere oan. Even belje mei de Afûk kin ek: 058-2343079.  filmke ôfspylje >
Doutzen betanket jimme!
Doutzen betanket eltsenien op har eigen wize :-)  filmke ôfspylje >
Fries leren? Doch in kursus by de Afûk!
Wolst net allinne Frysk prate mar ek Frysk skriuwe? By de Afûk kinst in kursus Frysk folgje sasto dat wolst: thús online of yn in groep by dy yn e buert. Sjoch op www.afuk.nl foar it kursusoanbod of freegje de kursusbrosjuere oan. Even belje mei de Afûk kin ek: 058-2343079.  filmke ôfspylje >
PRAAT MAR FRYSK jout Guus Meeuwis in fluchkursus Frysk
Guus Meeuwis op Fryske les by Praat mar Frysk Nei't Guus Meeuwis 3 jier yn Eindhoven stie mei syn konserten Groots met een zachte G, komt de Brabander foar de Uit en Thuis edysje nei Fryslân. De konserten sille op 5 en 6 juny plakfine yn it Abe Lenstra Stadion op it Hearrenfean. Yn RTL Boulevard wie te sjen hoe't Praat mar Frysk ambassadeur Robbie van Wieren Guus in fluchkursus Frysk joech. Foar de beide konserten woe Guus noch graach even op Fryske les. Want hoe sjonge jo Het is een nacht yn it Frysk? Praat mar Frysk tôge tegearre mei sanger en ambassadeur fan Praat mar Frysk Robbie fan Wieren ôf nei Hilversum en besocht om Guus fan syn 'zachte G' ôf te helpen. Oft it Robbie slagge om Guus floeiend Frysk sjonge te litten, wie ôfrûne freed te sjen yn RTL Boulevard. En foar wa't nei ien fan 'e konserten giet: op 5 juny stiet de Praatpeal fan Praat mar Frysk ek live yn it Abe Lenstra Stadion.  filmke ôfspylje >
Strawelte - Mem fan Doutzen (praat mar frysk klip fersy)
Sa, we binne der achter hoe it sit. De sjonger, én hurdfytser fan Strawelte is dus de heit fan Doutzen. Sjoch sels mar :-)  filmke ôfspylje >
Doutzen Kroes ontvangt Fryske persprijs 2007
Doutzen is, neist jim allegearre, it gesicht fan de "PraatMarFrysk" kampanje. Sneontejûn 15 desimber naam se yn Ljouwert de Fryske Parsepriis yn ûntfangst. Se wie foar 1 dei werom út it bûtenlân om har mem te lokwinskjen mei har jierdei en naam ek noch eefkes de tiid om it Fryske Journaille de hân te drukken en hjir en dêr in tútsje út te dielen.  filmke ôfspylje >
Jitiizer - 'Praat mar Frysk!'
De mannen fan Jitiizer skreaunen foar Praat mar Frysk in spesjaal Praat mar Frysk-nûmer! Sjoch hjir! Fryske tonger core! Praat mar Frysk!  filmke ôfspylje >
Frits mei Foppe yn China
Frits de kikkert set op 26 july 2008 útein mei syn wrâldreis. Hy giet as earste mei Foppe de Haan mei nei China ta. Foppe is trainer fan it Nederlânsk Olympysk Fuotbalteam, en hy hat him meinommen út Fryslân wei. Dernei giet Frits wêr mei in oar op paad. Dat woe Frits sèls graach. Hy wol wat fan de wrâld sjen, mar hy sil sa no en dan wol in bytsje ûnwennich wêze. Hy sil Fryslân misse, de moaie loften en syn sleat mei de fertroude pompeblêden. As hy ûnwennich is helpt it om Frysk mei him te praten. Dan komt it wol goed. Foppe sil filmkes meitsje fan Frits en wat hy mei him belibbet yn China. Dat sille alle minsken dwaan wêr't Frits útfanhûs is. Dan witte syn kikkert freonen, dy't thús yn Fryslân op in berjochtsje fan him sitte te wachtsjen, dat it goed mei him is. Wy, fan Praat Mar Frysk, sette dy filmkes dan op ús website www.praatmarfrysk.nl. We litte dêr straks, op in grutte kaart, ek sjen wêr't Frits allegear west hat. Op de site kinne jo ek mear lêze oer de PraatmarFrysk-kampanje, dêr't al in soad minsken, bekend en minder bekend, oan meidogge. www.PraatMarFrysk.nl  filmke ôfspylje >


Wy fan Praat mar
Frysk meitsje in
soad mei. Lês hjir wat wy allegear betinke en belibje mei Doutzen, Pieter, Wout en mei jimme...


Johan Kingma op besite by Sonnema
it Serious Request-pakket!
Johan Kingma wie ien fan 'e heechste bieders tidens de Serious Request-aksje fan Praat mar Frysk. Johan is gek op berenburch dat hy die it heechste bod op it super de lúkse pakket fan Sonnema.
02 feb 2012 | Reageer! | (2) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Frijerij
It Wurd fan de Moanne
It koe fansels net oars mei Falentynsdei foar de doar. It wurd fan de moanne is... Frijerij. Besjoch it filmke!
27 jan 2012 | Reageer! | (0) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Hé! DVD fan Piter Wilkens winne?
lit ús witte wêrom!
Wy hawwe hjir twa prachtige eksimplaren fan de live-DVD de Fleanende Hollanner fan ús ambassadeur Piter Wilkens op it buro lizzen.Wolsto ek ien? Doch mei oan de aksje!
25 jan 2012 | Reageer! | (4) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
Praat mar Frysk los yn Súdwest Fryslân
opblaaslippe-útdielaksje!
Om't wy yn febrewaris los gean mei de Praat mar Frysk-kampanje yn de nije gemeente Súdwest Fryslân, sille wy op tongersdei 23 febrewaris de binnenstêd fan Snits ûnfeilich meitsje mei in grutte opblaaslippe-útdielaksje!
25 jan 2012 | Reageer! | (0) reaksjes | Trochstjoere Deel dit artikel op Facebook Deel dit artikel op Hyves Deel dit artikel op Twitter
  ««  « Vorige  1  2  3  4  5  Volgende »  »»  
Tip de redaksje
Stjoer ús dyn links, nijs, geruchten, foto’s, filmkes,
muzyk en alle oare spam!

Bestel fergees de Praat Mar Frysk buttons, de posters, de lippen fan Doutzen, de boomerang kaarten en noch folle mear. We stjoere it fergees dyn kant út! Mar we ferwachtsje wol datsto in foto of in filmke makkest as tsjinprestaasje. Dy sette we dan wer op de site fansels!

Us foarried is net hiel grut, dus it kin wêze dat dyn bestelling net altyd útfierd wurde kin.


Nei de Praat Mar Frysk winkel ta! >

Home |  Hoe doch ik mei? |  PMF Shop |  Bedriuw en Frysk |  Foto's |  Fideos |  Blog |  Downloads |  Ambassadeurs
PmF Twitter |  PmF Hyves |  PmF Facebook |  PmF op YouTube