Wat en wêrom?

Mei de Praat mar Frysk-kampanje wolle wy de wearde fan it Frysk en meartaligens sjen litte. It brûken en it sichtber meitsjen fan it Frysk stiet dêrby foarop: op it wurk, yn de sportkantine, by freonen, op skoalle, online en offline!

De Praat mar Frysk-kampanje bestiet al sûnt novimber 2007. Earst mei in Praat mar Frysk-aksje yn Tytsjerksteradiel en letter dat jier online om it Frysk ek op social media in plak te jaan. Ek Doutzen Kroes ferbûn har oan de kampanje en waard sa de earste ambassadrise foar it Frysk.

Doe giet it rap, nei Doutzen folgen hieltyd mear bekende Friezen dy’t harren namme oan de kampanje ferbine woenen (foto’s?). Yn rap tempo groeiden ús Hyves-side út ta ien fan de grutste digitale Fryske communities.

Neist de aksjes yn Tytsjerksteradiel hiene wy begjin 2008 ús earste opblaaslippe-útdielaksje yn Ljouwert en al gau folgen oare stêden en doarpen dêr’t it stintrum read kleure fan de Praat mar Frysk-opblaaslippen en oar promoasjemateriaal.

Ek it bedriuwslibben hat de Praat mar Frysk-kampanje ûntdutsen. Sûnt it begjin fan de kampanje, komme wy hast alle wiken by Fryske bedriuwen en organisaasjes oer de flier om te sjen hoe’t wy tegearre it Frysk foar harren bedriuw of organiaasje wurkje litte kinne. Want it smyt foar beide wat op!

Op ’t heden hawwe wy mei ús Instagram en Facebook-side noch altyd ien fan de aldergrutste Fryske digitale communities dêr’t alle dagen wat te belibjen is en dêr’t elkenien it fanselssprekkend fynt om it Frysk te brûken. En net allinnich op social media, ek op it wurk, yn de kroech, op skoalle, yn de supermerk en op it sportfjild: Praat mar Frysk!

Copyright © 2024 Praat mar Frysk | Privacy Policy
linkedin facebook pinterest youtube rss twitter instagram facebook-blank rss-blank linkedin-blank pinterest youtube twitter instagram