Do hast it sels grif ek ris meimakke: dejinge dy’t tsjinoer dy sit hat al in pear kear oanjûn dat er wol Frysk ferstiet, mar it net praat en dochs skeakelest hieltyd wer oer nei it Nederlânsk sûnder datst dêr suver erch yn hast. Of do bist der net wis fan oft immen wol Frysk praat yn in winkel of oan de telefoan, en do begjinst foar de wissichheid mar yn it Nederlânsk…

Om’t wy tinke dat dat oars kin, en wy fansels fine dat it Frysk safolle mooglik klinke moat (en dat jildt ek foar oare streektalen lykas it Biltsk, Stedsfrysk en Nedersaksysk) binne wy dwaande mei in nij projekt: Twatalige konversaasjes. Wy starte fan it maitiid mei in pilot en geane dêr nei de simmer hooplik mei fierder yn in grutter ynternasjonaal gearwurkingsprojekt.

Ien fan de ûnderdielen fan it projekt is in workshop om minsken hânfetten te jaan om op in selsbewuste en freonlike manier troch te gean yn it Frysk en ek faker yn it Frysk te begjinnen.

Foar dy workshop wolle wy dy graach útnûgje!

Wy hawwe twa data prikt foar de workshop:

  • woansdeitejûn 22 maaie, om 19:30 oere

of

  • moandeiteitejûn 27 maaie, om 19:30 oere

Lokaasje: Tresoar

Soest ús foar 10 maaie witte litte wolle oftst belangstelling hast en oftst kinst op 22 of 27 maaie? Dan litte wy sgm witte hokker datum it wurdt.

Opjaan kin by Mirjam Vellinga: m.vellinga@afuk.nl

Dizze pilot wurdt organisearre troch de Afûk en Ryksuniversiteit Grins-Minorities and Multilingualism