Foar it Talepaviljoen yn Lân fan Taal dêr’t wy yn 2018 allerhande taalaktiviteiten organisearje sille, sykje wy Scrabble-spultsjes yn safolle mooglik talen.

Sawol Scrabble yn de gruttere talen as lytse talen binne wolkom. En ek oare taalspultsjes kinne wy goed brûke.

Dûbelingen binne net hiel slim om’t wy mei de blokjes/letters/dobbelstiennen ek wer leuke dingen dwaan kinne.

Dus mochten jim op fakânsje wat tsjinkomme of thús noch wat te lizzen hawwe wat jim kwyt wolle, lit it ús witte of bring it by de Afûk-winkel oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert.

Wy wolle jim fansels net op kosten jeie, dus it hoecht gjin nij guod te wêzen. Rommelmerk- en kringloopkwaliteit binne bêst genôch.

Us tank is grut!

Kinst ús maile fia praatmarfrysk@gmail.com of stjoer in appke nei 06 2744 0494