De taal dy’t brûkt wurdt yn de soarch is fan grut belang. Taal is wichtich foar it wolwêzen fan soarchfregers én bepaalt de ôfstân tusken fersoargjende en soarchfreger.

It brûken fan de memmetaal makket dy ôfstân lytser, it praten fan de standerttaal fergruttet dy ôfstân.

Op 6 novimber wurdt de nije webside fan Datwiedoesa lansearre. Datwiedoesa biedt help by it ûntwikkeljen fan taalbelied yn de soarch, biedt hanfetten foar de praktyk en hat in grut ferskaat oan materiaal yn it Frysk foar benammen de âldereinsoarch.