Op tongersdei 17 april organisearje ‘wy fan Praat mar Frysk’ alwer foar de tredde kear de Fryske Twitterdei. Op dy dei wolle wy besykje om safolle mooglik Frysktalige ‘tweets’ de wrâld yn te stjoeren. Dêrfoar brûke wy fansels de hashtag #Frysk.

Elkenien dy’t in bytsje Frysk type kin, kin meidwaan, want flaters meitsje mei! Sa simpel is it. Brûk de hashtag #Frysk en lit sjen datst meidochst!
Hasto noch tips en leuke ideeën om de tredde Fryske Twitterdei noch leuker te meitsjen? Lit it ús witte fia Twitter @PraatmarFrysk of fia mail: praatmarfrysk@gmail.com. Dan kinne wy moai mei syn allen it Frysk en Fryslân op ‘e Twitter-kaart sette!