Goed nijs: der steane trije nije data op de aginda! Dus wolsto mear witte oer (dyn) taalgedrach en - gewoantes? Doch dan mei oan de trening Psychology fan dyn taal op ien fan ûndersteande data.
- tiisdei 22 maart, 13.30-16.00 oere, Aldeboarn
- woansdei 13 april, 19.30-22.00 oere, Drachten
- sneon 23 april, 9.30-12.00 oere, Ljouwert
De workshops steane ûnder lieding fan Gerda Cuperus. Meidwaan is foar partikulieren fergees. Oanmelde dochst fia opjaan@afuk.frl.
Wolsto mei dyn kollega's of team ris yn de psychology fan jim taal dûke? Nim dan kontakt mei ús op.
Op freed 24 septimber sette wy wer útein mei in trening foar treners foar de workshop Psychology fan dyn Taal. De trening bestiet út 2 dielen en sil jûn wurde yn Loft yn Boksum. De 2e treningsdei is op freed 1 oktober. Beide dagen duorje fan ca. 9.00 - 14.00 oere, lunsj ynbegrepen.
De trening is fergees.
Hast ûnderfining mei groepen, niget oan taal, bist net benaud foar wat nijs en bist fleksibel yn te setten? Dan is dizze trening miskien wat foar dy!
Hast belangstelling? Nim dan kontakt mei ús op.
Yn de Bildtse Post fan 13 jannewaris 2021 stiet in grut ynterview mei Gerda Cuperus oer de trening Psychology fan Taal. Gerda fertelt dêryn oer har eigen ûnderfiningen en oer de trening. Belangstellenden kinne har fanôf no ek opjaan. Sjoch de link foar de PDF fan it artikel.
BP13012021-Psychologyfandyntaal