Ynternasjonale gearkomste LISTEN-partners

Fryslân

Yn it wykein fan 22 oktober sille de partners yn it LISTEN-projekt hooplik foar it earst wer fysyk byinoar komme. De Afûk is diskear gasthear. Yn dat wykein sille wy de fuortgong fan it projekt beprate en mei syn allen fierder wurkje oan de MOOC (Massive Open Online Course) dy’t wy ûntwikkelje. It wurdt in online trening dy’t troch alle minderheidstalesprekkers folge wurde kin en giet fansels oer de psychology fan dyn taal, taalassertiviteit, taalhâlding en taalgedrach.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it projekt.


Trener of dielnimmer

Ynlogge of registrearje

Nijs

mear nijs »

Aginda

mear aginda »