Elkenien dy’t it Frysk ferstean, prate of skriuwe wol, kin in kursus folgje by de Afûk. De kursussen sette alle jierren útein yn jannewaris en yn septimber.
Yn 10 lessen learst alles om it Frysk brûke te kinnen. Dat kin no ek online mei in groep en in lesjouwer. Op moandei, tiisdei of woansdeitejûn wurde de measte groepskursussen hâlden. As it fanwege de koroanamaatregels wer mei, wurde der ek wer fysike kursussen hâlden. Dat bart yn û.o. Ljouwert, Drachten, Hearrenfean, Snits, Dokkum en Frjentsjer. Sjoch op https://kursus.afuk.frl/ foar mear ynformaasje.
Foar it stjoeren fan Fryske appkes, tweets, berjochten, e-mails en kaarten of brieven. Jou dy op mei freonen, famylje of redaksjeleden, dat kin al mei in groepke fan 7 of 8 dielnimmers. Sjoch foar mear ynfo op: Workshop Frysk Skriuwen. ‘Alfêst… Oant sjen!’