De wike fan 21 septimber oant en mei 26 septimber 2015 stiet hielendal yn it teken fan it Frysk yn Google Translate! Yn dizze wike, organisearre troch Provinsje Fryslân, de Fryske Akademy en de Afûk, wolle wy mei sa folle mooglik minsken yn en bûten de provinsje wurkje oan it oersetten fan wurden en teksten dy’t nedich binne foar it opnimmen fan de Fryske taal yn Google Translate.
It giet om tûzenen wurdsjes dy’t oerset wurde moatte fan it Ingelsk nei it Frysk foar’t it Frysk echt ûnderdiel wurde kin fan Google Translate. Hjirfoar hawwe wy de stipe nedich fan alle Friezen dy’t in aardich wurdsje Frysk skriuwe kinne.
Meidwaan? 
Op de webside fan Google Translate kinst no al wurkje oan de oersettingen. Om alfêst te sjen hoe’t it wurket, giest nei https://translate.google.com/community (hast wol in Google-akkount nedich om ynlogge te kinnen).
Handige tip: tink der by it oersetten om dat de oersettings net literêr binne. Ek moat goed tocht wurde om Hollanismen en typflaters. Komst der net út? Pak de Praat mar Frysk-app der even by of www.taalweb.frl fan de Fryske Akademy. Fansels kinne jim ús ek altyd berikke fia Twitter en Facebook. Sukses!