Op freedtemiddei 1 juny om 14:30 oere organisearret Praat mar Frysk fan de Afûk wer in Fryske kroechkwis. Diskear yn it Talepaviljoen MeM yn de Ljouwerter Prinsetún.

Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) fan hjoed ôf oan op fia praatmarfrysk@gmail.com. Dielname is fergees.

Der is muzyk, der is bier, wyn en fris en fansels de leukste fragen oer Fryslân, Ljouwert en it Frysk. De presintaasje is yn hannen fan stand-up comedian Douwe Gerlof Heeringa.

De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch Sonnema Berenburg, Weidenaar Worst, Drukkerij Van der Eems en de Afûk. Graach oant sjen op freed 1 juny yn Talepaviljoen MeM yn Lân fan Taal!

 

fryske kroechkwis mem