It is wer feest yn Fryslân! De leukste kroechkwis fan ‘e provinsje strykt del yn Tsjerkwert!

Sneon 4 april binne wy op besite yn doarpshûs ‘It Waltahûs’ yn Tsjerkwert! Om 19:30 gean de doarren iepen!

Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) fan hjoed ôf oan op fia praatmarfrysk@gmail.com. Dielname is fergees.

Der is muzyk, der is bier, wyn en fris en fansels de leukste fragen oer Fryslân, Tsjerkwert en it Frysk fansels!

De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch Sonnema Berenburg, Weidenaar Worst, Drukkerij Van der Eems en de Afûk. Graach oant sjen op sneon 4 april yn Tsjerkwert!

Praat mar Frysk organisearret sûn 2013 al Frysk kroechkwissen rûnom yn de provinsje. Praat mar Frysk is in kampanje fan de Afûk mei as doel Friezen bewust te meitsjen fan harren twataligens en harren dêr grutsk op te meitsjen.