It is wer feest yn Fryslân! De leukste kroechkwis fan ‘e provinsje strykt del yn Wergea en op De Jouwer!

Freed 18 oktober binne wy op besite yn kafee ‘s Lands Welvaren yn Wergea en op sneon 30 novimber stean wy op De Jouwer yn ‘t Hert! Beide kearen om 19:30 oere!

Meidwaan? Jou dy mei dyn team (1-6 persoanen) fan hjoed ôf oan op fia praatmarfrysk@gmail.com. Dielname is fergees.

Der is muzyk, der is bier, wyn en fris en fansels de leukste fragen oer Fryslân, Wergea, De Jouwer en it Frysk.

De Fryske Kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch Sonnema Berenburg, Weidenaar Worst, Drukkerij Van der Eems en de Afûk. Graach oant sjen op freed 18 oktober of sneon 3 novimber yn Wergea of De Jouwer!

Praat mar Frysk organisearret sûn 2013 al Frysk kroechkwissen rûnom yn de provinsje. Praat mar Frysk is in kampanje fan de Afûk mei as doel Friezen bewust te meitsjen fan harren twataligens en harren dêr grutsk op te meitsjen.

0 Reaksjes
7 Views