Dit jier organisearje wy in Ynternasjonale Social Media dei foar Lytse Talen op 26 septimber. Dan is it ek de Europeeske dei fan de Talen. De ôfrûne wiken hawwe wy drok dwaande west om partijen yn oare Europeeske regio’s te ynteressearjen foar dizze dei. Wy wolle der fansels in moai feestje fan meitsje! De Fryske Twitterdei dy’t wy normaalwei yn april hâlde, falt hjir fansels no ek ûnder en wy wolle dy dei ek yn Fryslân safolle mooglik #Frysk sjen litte op Social Media.
Oant no ta dogge der, ynklúsyf Fryslân, al 16 organisaasjes út 16 ferskillende regio’s mei:
Dêrneist hawwe de minsken fan it Digital Language Diversity Project harren meiwurking ek tasein. Alle organisaasjes sille yn harren eigen regio en mei harren netwurk de Social Media Dei organisearje.
De kommende tiid sille wy yn Fryslân oan de slach en organisaasjes/bedriuwen/minsken oproppe om mei te dwaan. As jim noch tips hawwe fan organisaasjes/minsken dy’t wy benaderje kinne (yn Fryslân of dêrbûten) dan hearre wy dat fansels graach!
Oant no ta hawwe Ziggo, MCL, Plysje Fryslân, Arriva, Omrop Fryslân, Iris Kroes, Jelle B., Lutz Jacobi en Jorrit Bergsma al tasein dat se meidwaan sille!