Doutzen op Postsegels


Doutzen Kroes stiet fan hjoed ôf op tsien spesjale postsegels. De foto’s foar dizze postsegels binne makke troch topfotograaf Anton Corbijn. De rige postsegels hawwe de namme ‘Doutzen, mode & muze’ meikrigen.

Doutzen is bliid mei it einresultaat. “Normaalsprutsen sjoch ik myn foto’s altyd yn tydskriften en op posters”, sa seit it topmodel. “Oan foto’s op postsegelformaat wurde oare easken steld om dizze goed oerkomme te litten. Anton Corbijn is dêr goed yn slagge. Dêrom binne de foto’s op de postsegels sfearfol en fol mei emoasje. It wie in ear om mei him te wurkjen.”

Boarne: Omrop Fryslân