Fia WhatsApp (06 2744 0494) krigen wy de fraach binnen wa’t in kreative Fryske oersetting foar ‘Bekijk het maar’ betinke koe. Mear as 60 reaksjes smiet dat op! De moaisten stean hjirûnder! Sykje it út!
Sykje it mar út
It bêste
Flean op
Opsokkebalje
Naai de hoanne mar
Sjoch mar efkes
Smoar der yn
Kinst de pot op
Rêd dyn reet
Krij in sturt
It bêste
Waai op
Gean op it dak sitten
Sakje der yn