Yn de Bildtse Post fan 13 jannewaris 2021 stiet in grut ynterview mei Gerda Cuperus oer de trening Psychology fan Taal. Gerda fertelt dêryn oer har eigen ûnderfiningen en oer de trening. Belangstellenden kinne har fanôf no ek opjaan. Sjoch de link foar de PDF fan it artikel.
BP13012021-Psychologyfandyntaal
It ynternasjonale LISTEN-projekt hat in nije meartalige website. Op dizze website fynst alle ynformaasje oer it projekt en de projektpartners yn it Frysk, Ingelsk, Welsk, Katalaansk, Iersk, Roemeensk, Hongaarsk en Spaansk. De treningen Psychology fan Taal dy't de Afûk-Praat mar Frysk ûntwikkelet en oanbiedt, binne ûnderdiel fan it LISTEN-projekt.
Nim foar ynformaasje oer of belangstelling foar de treningen yn Fryslân kontakt op mei Mirjam Vellinga.
Kinst LISTEN no ek folgje op:
InstagramFacebookTwitter