Frysk Alle Dagen


Wisten jim dat 92% fan de Frysktaligen oanjout yn it Frysk te antwurdzjen as se in berjocht yn it Frysk krije? Dat is in hiel soad! Punt is: der binne mar in lyts oantal minsken dy’t yn it Frysk begjinne. Ast wolst dat mear minsken it Frysk brûke, dan sit der mar ien ding op: sels as earste begjinne!

Der binne fansels noch folle mear mooglikheden om mear yn it Frysk te dwaan, foar sawol minsken dy’t al Frysk kinne as minsken dy’t it graach leare wolle.

Om dat oan te moedigjen starte wy mei Frysk Alle Dagen. Fia ús Social Media-kanalen en mooglik ek op oare plakken krijst alle wiken tips en opdrachtjes om mear mei it Frysk te dwaan.

Yn de wike fan 2 oktober begjinne wy mei as tema ‘Iten’, want dy wike is it de wike fan de smaak. Dochst mei?