SwiftKey is al jierren in bysûnder populêre toetseboerdferfanger op Android en super handich! Einlik in Frysk wurdboek foar dyn tillefoan! No wie dy der fansels al foar Android, mar hy is der no ek foar iPhone en iPad! Downloade dus!

Kinst Swiftkey ek brûke yn bygelyks Whatsapp en jout al in foarsizzing fan de wurden en leart ek fan dyn taalgebrûk. Neist it Frysk is ek Lúksemburchs, Nynorsk, Faeroer en Asturysk en noch folle mear lytse talen taheakke. Sjoch foar de folsleine list dit blochje.

Swiftkey is fergees te downloaden yn de Google Play Store en dus no ek yn de Appstore fan Apple!