Yn maart 2012 kaam Marinus Bakker by ús mei in idee: “Is it net ris aardich om in Fryske Twitterdei te organisearjen?” Fansels, tochten wy, dat moat altyd wurde! En op 19 apri; 2012 holden wy de earste Fryske Twitterdei. In grut sukses!

En sa folgen ek 2013, 2014 … Alle jierren in grut Frysk feest op Twitter mei in soad oandacht fan de parse foar it #Frysk. Ferline jier krige de Fryske Twitterdei sels ynternasjonale neifolging mei Gaelic-Twitterday!

Oant no ta waard de hashtag #Frysk op de Fryske Twitterdei noch alle jierren trending topic (it meast besprutsen ûnderwerp op Twitter). Op dy wize kriget it Frysk rûnom oandacht op social media.

En dat #Frysk trending wie, seagen ek de grutte bedriuwen, ynstellings, bekende Friezen en populêre Twitter-accounts. Sa dienen earder mei: UPC, Waylon, PostNL, Jorrit Bersma, Iris Kroes, Arriva Nederland, SC Heerenveen, Vodafone, it Rijksmuseum, Arjan Lubach, Doutzen Kroes, it MCL, MeteoConsult en Friezen fan oer de hiele wrâld fan Amearika oant Austraalje.

Mar ‘trending topic’ wêze is fansels net it belangryskt; op Fryske Twitterdei wolle wy sjen litte datst it Frysk ek brûke kinst op sosjale media. In Frysk feestje fiere op Twitter mei elk dy’t der nocht oan hat! Dochsto ek mei?