De Fryske Twitterdei wie wer in moai feestje. Om 08.00 oere moarns stie de hashtag #Frysk al tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter en ek #Frysketwitterdei hat lang yn de top 20 meidraaid.

Tûzenen twitterders ferstjoerden lyksa folle tweets en der waard fansels ek in soad retweeten en antwurd jûn. De tweets kamen wer fan oer de hiele wrâld: fan Sweden oant Súd-Afrika.
Neist bekende Friezen en BN-ers lykas Jorrit Bergsma, Iris Kroes, Jelle B., Sietske Poepjes, Broken Brass Ensemble, Lammert de Bruin (EenVandaag), Europarlementariër Jan Huitema en de minsken fan it tv programma Jan Rijdt Rond, dienen der diskear ek wer in protte bedriuwen en ynstellings mei oan de Fryske Twitterdei, lykas Tryater, Fries Museum, Politie Fryslân, Brandweer Fryslân, PostNL, Ziggo, ferskate restaurants, sportferieningen, korpsen, musea, biblioteken, skoallen en ferskate Fryske oerheden. Sels de Belestingtsjinst die mei, al wie dat mei lichte tsjinsin …
De hashtag #Frysk by mear as njoggen miljoen minsken ûnder eagen kommen. Dat is twa miljoen mear as ferline jier.
Ynternasjonaal
Neist de Fryske Twitterdei wie der juster ek foar it earst in Ynternasjonale Twitterdei foar Lytse Talen; in inisjatyf fan Praat mar Frysk en Social Media Alba út Skotlân. Skotlân hat sûnt 2014 in eigen twitterdei neffens Frysk foarbyld. Yn oerlis is besluten om beide twitterdagen tenei op ien dei te hâlden en om oare lytse talen ek te stimulearjen om mei te dwaan.
Foar de Praat mar Frysk-kampanje is dat in moaie opmaat nei Kulturele Haadstêd 2018 en de aktiviteiten dy’t yn it ramt fan Lân fan Taal organisearre wurde. Juster wie der al omtinken foar it Frysk by ferskate media-kanalen yn Wales, Skotlân en Ierlân. Foar de ynternasjonale aksje waard de #TIML2016 brûkt. Doel is dat #TIML, dy’t no in berik hie fan sawat trije miljoen en benammen brûkt waard troch de Friezen en de Skotten, de kommende jierren hieltyd populêrder wurdt en ek brûkt wurdt op oare Social Media kanalen.
De Fryske Twitterdei is in inisjatyf fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk. Mei dizze aksje wol de kampanje de drompels om it Frysk te brûken fuortnimme en it brûken fan it Frysk op social media lykas Twitter en Facebook stimulearje.