Hoe is it mei de Amsterdamske froulju dy’t graach in kursus Frysk yn Amsterdam hawwe woenen? Ja! Goed! Wy hawwe juster efkes belle mei Nienke en dy fertelde ús dat it slagge is! Tegearre mei noch in hânfol oare kursisten krije se op it stuit ien kear yn ‘e twa wike les fan Paulus en se hawwe it wakker nei’t sin!
Wolsto ek op kursus yn Amsterdam? Hup stjoer mar even in mailtsje en dan komt it grif goed! Wolst leaver op in oar plak in kursus? Pleats in oprop en wa wit kinne wy dy helpe!