Tegearre mei de Gemeente Waadhoeke en Silence of the Bees hawwe wy ferline wike yn Frjentsjer en Sint Anne Fryske en Bildtse buordsjes mei krûdenammen pleatst om sjen te litten hokker krûden dêr nei it oanpaste meanbelied groeie sille.

Bioferskaat is taalferskaat
De nammen op de buordsjes binne bewust yn it Frysk en it Bildtsk. Se ferbine dêrmei it taalferskaat yn Waadhoeke oan bioferskaat. En der sitte prachtige nammen by. Want witsto wat ‘Blauwe skoentsys’ of ‘Ingelwuttel’ foar planten binne? Of wistso wat in ‘Juffer Lizeblom’ of in ‘Fûgelwikke’ is?

It meanbelied yn Waadhoeke is sûnt ferline jier ûnderwerp fan petear. De gemeente is doe begûn mei it omfoarmjen nei ekologysk behear fan de bêrmen. Ien fan de redenen dat de gemeente dat docht is ek it bijepakt fan Silence of the Bees dat de gemeente yn 2019 ûndertekene.

De Bildtse en Fryske bermkrûden fan de Waadhoeke
Benijd nei alle Fryske en Bildtse nammen fan bermkrûden dy’t sûnt ferline wike yn de Waadhoeke te finen binne? Hjir de Fryske: Skieppegerf, Piipkrûd, Berberkrûd, Soldateknoop, Wylde woartel, Bearepoat, Hynstebitter, Wylde margryt, Bierwoartel, Hûnetonge, Bijekuorke, Bûterblom, Lytse rinkelbel, Juffer Lizeblom, Wjirmkrûd, Reade klaver en Fûgelwikke!

En de Bildtse: Dúzzendblâd, Pypkruud, Soldateknoop, Wuttel, Bereklau, Margryt, Bierwuttel, Smâle weegbree, Butterblom, Wurmkruud, Rooie klaver, Blauwe skoentsys, Ingelwuttel, Dotterblom, Pinksterblom, Kattesteert en Heelkruud!