Yn it Peaskewykein is it sa fier, in nij part fan Lân fan taal wurdt offisjeel iepene yn de Prinsetún fan Ljouwert! Elkenien kin aanst genietsje fan de Taletún mei de twa nije paviljoens MeM – Livingroom of Languages fan de Afûk en paviljoen ‘Liwwadders’ fan Historisch Centrum Leeuwarden mei partner DNALWD2018. Ek de Aldehou is fan freed 30 maart ôf wer tagonklik foar publyk. Fan sneon 31 maart ôf is alles iepen foar publyk en is elkenien fan herte wolkom! Wat stiet der allegearre op it programma?
Freed 30 maart
13.30-16.00 oere
Offisjele iepening fan de Aldehou, Liwwadders en MeM foar gasten.
14.00-17.00 oere
De Aldehou is wer iepen! Hjoed tagong fergees.
15.00-18.00 oere
Paviljoen Liwwadders is iepen!
16.00-18.00 oere
MeM – Livingroom of Languages is iepen!
Sneon 31 maart
9.00-12.00 oere
Earste live útstjoering fan radioprogramma Op&Ut fan Omrop Fryslân fanút MeM.
13.00-17.00 oere
Deropút mei Heit&Mem: feestlik iepeningsprogramma mei allerhanne famylje- en berne-aktiviteiten mei spultsjes, workshops, muzyk, poppekast, rûnliedings, in ûntdekkingstocht troch Ljouwert en noch folle mear. Lês mear
It paviljoen Liwwadders is iepen mei ferhalen fan Liwwadders oer hjoed-de-dei, ferline en takomst. De Aldehou is ek iepen, entree 1 euro.
Snein 1 april-Snein 8 april: ‘De Bildtse Week’
10.00-18.00 oere
Kom yn ’e kunde mei de Taletún. Nim de tiid foar in kuier troch de Taletún, erfaar taal op in oare wize en lit dyn moaiste wurd efter by MeM.
13.00-17.00 oere
Harkje nei ferhalen fan Ljouwerters yn paviljoen Liwwadders. De Aldehou is hjoed ek wer iepen mei de reguliere entreeprizen.
15.00-17.30 oere
Alle wiken stiet der by MeM in oare taal sintraal. De Bilkerts fersoargje de ôftraap! Under lieding fan Tjerk Bosje in sjo mei Biltske skriuwers, dichters en ferhalefertellers. It hele programma fan de Bildtse Week tsjekke? Dat kin hjir!