Yn gearwurking mei San Sebastian as kulturele haadstêd 2016 sille sân organisaasje, wêrûnder de Afûk, út ferskillende minderheidstaleregio’s gearwurkje oan in ynternasjonaal projekt.

It TOSTA-projekt bestiet út twa dielen. Yn it earste part sille de dielnimmende regio’s in keunstner útstjoere en sille se gasthear wêze foar in keunstner út in oare regio. De keunstners sille keunstwurken meitsje ynspirearre troch de minderheidstalen en -kultueren. De oprop om mei te dwaan is iepen en sil begjin novimber publisearre wurde op de TOSTA-website en op oare plakken.

Yn it twadde diel dat yn it foarjier fan 2016 út ein set sil in tal seekonteners nei Galisië, Wales, Ierlân, Skotlân, Fryslân en Cornwall reizgje. Dy konteners sille it dekôr foarmje foar de festivals dy’t organisearre wurde sille yn elke regio om it taalferskaat en de kulturele diversiteit fan Europa te fieren en om de gearwurking tusken dizze mienskippen bekend te meitsjen foar in grut publyk.

Nei de reis lâns de Atlantyske kust sil TOSTA syn reis einigje as it by de kust fan Gipuzkoa oankomt. It wolkomstfeest sil tagelyk plak fine mei it Atlantikaldia festival dat ein septimber hâlden wurde sil yn Errenteria, en mei de Europeeske Dei fan de Talen (26 septimber).

TOSTA hat trije doelen: it fieren fan it taalferskaat en de kulturele diversiteit fan dizze mienskippen, it befoarderjen fan kulturele útwikseling tusken dizze regio’s en it fersprieden fan de wearden fan it DSS2016Eu projekt. It wurd ‘tosta’ betsjut yn in protte fan de talen dy’t yn de dielnimmende regio’s praat wurdt, de bank yn in boat.

Oan it TOSTA-projekt dogge sân organisaasjes mei: Afûk (Fryslân), A mesa pola Normalización Lingüística (Galisië), Celtic Neighbours (Wales), Ealain Na Gaeltachta (Ierlân), Euskaltzaleen Topagunea (Baskelân), Golden Tree Productions (Cornwall) en Proiseact nan Ealan (Skotlân). De acht partners dy’t diel útmeitsje fan it Tosta-projekt kamen ferline wike byinoar yn Galway, Ierlân. De byienkomst wie de ein fan in twa jier duorjende tariedingsperioade en dêrmei tagelyk ek de start fan it projekt.