Kroechkwis

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân! In pear kear per jier strike wy del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân!

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske kroechkwis fan Fryslân! In pear kear per jier strike wy del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân mei fragen oer de Fryske taal en kultuer. Fan sport oant skiednis en fan lokale roddels oant Fryske muzyk, it sit der allegear yn!

Wolsto ek ris in Praat mar Frysk-kroechkwis by dy yn ‘e kroech? Dat kin! Wy regelje it fergees en soargje foar in prachtich jûnfoljend programma om de Fryske taal hinne. Mear witte? Stjoer ús in mailtsje en wy komme der gau sa gau as mooglik op werom!

De Praat mar Frysk-kroechkwis wurdt mei mooglik makke troch de Afûk, Weidenaar Worst, Sonnema en Drukkerij Van der Eems.

Op freed 18 oktober 2019 wiene wy yn kafee ‘s Lands Welvaren yn Wergea mei de leukste kroechkwis fan Fryslân: de Praat mar Frysk Kroechkwis! En in moanne letter op sneon 30 novimber om 19:30 organisearren wy in Fryske Kroechkwis yn kafee ‘t Hert op De Jouwer! Beide kearen wie it gesellich drok! Yn 2020 hoopje wy nei de simmer wer mei de organisaasje fan ús Kroechkwis út ein te setten.