Hoe stiet it der foar mei dyn Frysk? Kinsto de staveringsregels in bytsje? Wat is wol of net in Frysk wurd? Mei ‘Lear mar Frysk’ kinst dyn kennis oer it Frysk teste yn fjouwer fragen.
Sjoch gau op www.learmarfrysk.nl oft it ‘Blinder’ of ‘Blunder’ is! Kinst dy ek ynskriuwe. Wy stjoere dy dan automatysk geregeld fjouwer nije fragen ta. Sa learst ek nochris wat!
Mear leare? Of dochs ris in fatsoenlik Frysk app-ke ferstjoere wolle? Of in mailtsje yn it Frysk om’t dat gewoan better fielt? De Afûk fersoarget al mear as 90 jier kursussen Frysk foar Friezen en net-Frysktaligen. Wolst it skriuwen leare? Ferstean, lêzen of praten leare? Sjoch hjir foar it folsleine oanbod.