Net elkenien kin likegoed Frysk skriuwe; wy hawwe it allegear leare moatten, dat flaters meitsje is gjin punt! Boppedat giet it derom datst dy ek yn dyn eigen memmetaal útdrukke kinst op sosjale media.
Mar foar wa’t dochs benaud is foar de taalplysje en leaver flaterleas foar de dei komt op sa’n Twitterfeest hawwe wy in pear handige tweets yn ‘t foar skreaun! Kinst sa knippe en plakke! Maklik no? Hjir komme se!
– “Ja! Ik doch ek mei oan de Fryske Twitterdei! In #Frysk feestje op Twitter! Dochsto ek mei?”
 
– “It is Fryske Twitterdei! Skriuw ek ris in Fryske tweet! #Frysk”
 
– “Op Fryske Twitterdei tweet ik yn it #Frysk en op oare dagen ek!”
 
– “Frysk lêze, Frysk prate, Frysk ferstean en Frysk Twitterje! #Frysk”