Praat mar Frysk hat wat nijs! Moaie wurden. Foar dysels, in oar, foar dyn leafste, om stikem by ien yn ‘e jas te triuwen, om ien in hert ûnder de riem te stekken, om fuort te jaan oan mei wa’tsto mar in moai wurd diele wolst.

Mar leafst 20 moaie Fryske wurden hat Praat mar Frysk útsocht en bondele ta in prachtich pakketsje. Fansels te krijen yn ús websjop of by de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Ferjit net om dyn moaiste Fryske wurd te dielen mei #praatmarfrysk!